Sealkeatse mei reedriderswaar
Doe’t Baukje en Geart freed te jûns mei 10 graden froast om te lotsjen nei Wiuwert riden (yn ’e auto), liet Baukje har ek al ûntfalle it gjin ramp te finen as it troch te min dielname net troch gean koe. Baukje soe ek wol graach op redens de feart út wolle. Yn de Wiuwerter kroech hawwe we in healoerke wachte op Jochum, dy’t earst keallefange moast. Doe hawwe we earst mar in toast útbrocht op it sûne kokeal dat berne wie. No wie it tiid om de balâns op te meitsjen, al mei al hawwe tweintich keats(t)ers harren opjûn. It koe lokkich troch gean en koe der keatst wurde om de al bestelde fleisprizen. We hawwe der tsien twatallen fan makke, trije kear lotsje sadat de keats(t)ers eltse omgong oare maten hawwe. Fanôf hjir nimt Baukje it toetseboerd fan Geart oer, omdat hja op it plak fan it evenemint wie. Om elkenien binnen de fjouwer oeren dat de seal hierd is trije kear keatse kinne te litten, is der in strak skema makke weryn elts 110 minuten keatse kin. Dit bart yn trije omlopen en trije perken. Mei in pear minuten fertraging gongen om 13.04 oere de earste seis petoeren los. Om mei te dwaan om de priizen is it fan belang dat er in soad earsten pakt wurde. Yn in drege partij mei as einstân 2 - 2 hast dus net in goeie útgongsposysje. Der waarden de earste 40 minuten gjin wedstriden útspile. Ek yn de twadde helte fan de earste omloop waarden der gjin partijen útkeatst, mar der wienen al wol minsken dy’t 5 earsten hellen. En tsjinoer de minsken die 1 of sels gjin earsten pakt hienen hawwe jo dan al in grut foardiel. De twadde omloop wie in omloop fan grutte ferskillen. Der waarden partijen hielendal útkeatst en dermei binne gelyk wat potinsjele winners foar de dei nei foaren kaam. Sa waard nei de earste twa omlopen René Bosgraaf as favoryt neamd, mar ek Jan Reitsma, Rutger Fopma en Albert Jonker stienen der goed foar. Foar dizze minsken is it fan belang de tredde omloop noch sa folle mooglik earsten te pakken. It leafst dus lotte by in maat die ek noch wat te heljen hat en tsjinstanders die sowieso neat mear helje kinne. Foar René Bosgraaf gie it hjir mis, hy moast tsjin Rutger Fopma. Der waard moai keatst, mar de partij waard net útkeatst en sadwaande koe net ien fan beide de folle 7 punten pakke. Der wienen wol oaren wa't wol de folle punten pakten. Dêrtroch waarden de fleispriizen as understeand ferdield: 1. Feite Klijnstra Wiuwert 2. Rutger Fopma Bears 3. Jan Reitsma Mantgum 4. Dieuwke de Vries Wiuwert 5. Albert Jonker Wiuwert 6. René Bosgraaf Britswert
Geplaatst op 20 February 2012